Sign in

Onno Falkena

@onno-pier.bsky.social
101 followers 113 following 225 posts

Sjoernalist yn Fryslân, mar ek geregeld om utens. Hat ferlet fan blauwe loft nei it skiere waar fan de lêste tiid.

PostsRepliesMedia
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 10h
De passaazje fan de Friesenbrücke duorret net hiel lang. It kin ek weze dat de masinist hastich is, want de brêge is elts oere mar 20 minuten beskikber foar treinferkear. De oare tiid stiet de brêge meast iepen foar de skipfeart.
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 14h
Moi(n)! Foar it earst yn alve jier rydt der wer in trein fan Grins nei Leer yn Ostfriesland oer de nagelnije Friesenbrücke. Yn de Ubbo Emmius-sneltrein sitte ferskate treinleafhawwers. It werstel fan de spoarferbining hat meiïnoar 300 miljoen euro koste.
042
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 02/10/2026
In mearderheid fan de FNP-leden wol graach troch mei senator Auke van der Goot. Hy krijt fanwege syn ynset en ûnderfining de foarkar boppe Durk Krol, dy’t troch it bestjoer foardroegen waard as senator. De FNP hat in sit yn de senaat mei de OPnl.nl, in alliânsje fan regionale partijen.
001
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 02/10/2026
By de FNP is in ynterne ferkiezingsstriid oan de gong oer de kandidaat-senator. Sittend senator Auke van der Goot moat fjochtsje foar syn plak, want it partijbestjoer draacht Durk Krol út Brussel foar. De leden bepale skriftlik wa’t it wint: wurdt it Auke of Durk?
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 30/09/2026
Deputearre Sijbe Knol krijt 80 moasjes en amandeminten oan syn broek foar de Provinsjale Omjouwingsfyzje POVI. Neffens griffier Rosier giet it foar it Fryske parlemint om in rekôr. Steatelid Kosse fergeliket Knol mei Don Quijote, want dy focht ek tsjin wynmûnen “en dat heeft geen enkele zin”.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 30/09/2026
Steatelid Federique Kosse is út de Partij voor de Dieren stapt en giet selstannich fierder. De partij is neffens har better foar bisten as foar minsken. Yn in parseferklearring ferwyt se de partij ‘amateurisme, dogmatisme en polarisaasje’ en it skeinen fan har yntegriteit.
021
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 23/09/2026
De provinsjale polityk hâldt hjoed 4 kommisjegearkomsten oer de POVI, de provinsjale omjouwingsfyzje. Alle deputearren binne der by om antwurd te jaan op krityske fragen oer saken as de lânbouhaadstruktuer, it STOMP-prinsipe, enerzjybelied, de skries en noch folle mear. Nije wike wurdt der stimd.
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 14/09/2026
It beste resultaat dat je mei lobbye berikke kinne is ‘It koe minder’, seit âld-keamerlid en ‘lobbystrateech’ Arno Rutte by de iepening fan it lobbykantoar fan de middelgrutte stêden Assen, Emmen, Grins en Ljouwert yn Den Haach.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 10/09/2026
De keamerkommisje fan folkshúsfesting praat foar it earst yn oardel jier oer fundearringsskea. It giet om mear as 425.000 wenten. Op dit stuit wurde elts jier sa’n tûzen wenten yn’t jier opknapt. It Ryk stekt mear jild yn proseskosten (56 miljoen) as yn help oan slachtoffers (20 miljoen).
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 09/09/2026
Wethâlder Dikkie Alkema fan Noardeast-Fryslân docht in driuwend berop op Provinsjale Steaten om Hallum en Dokkum gelyk te behanneljen as de F4-plakken Ljouwert, Drachten, Snits en It Hearrenfean en havenstêd Harns. “Jou ús bedriuwen de romte. It giet om ús ekonomy, fuortbestean en leefberens.”
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 09/09/2026
It doarp Hallum komt mei in needgjalp yn de steatekommisje. Fanwege de netkongestje binne al 24 banen ferdwûn en dêr sil it net by bliuwe, warskôget Pleatslik Belang. It doarp wol los mei in smart energy hub. Bedriuwen binne ree om 50 miljoen te ynvestearjen.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 09/09/2026
Mar leaufst 29 ynsprekkers sille jûn de steatekommisje tasprekke oer provinsjale omjouwingsfyzje POVI. Wethâlder Chris van Hes fan De Fryske Marren krijt as earste it wurd. Hy bepleitet ‘mear romte foar De Jouwer’ tusken de F4-plakken Snits en Hearrenfean. Eltse ynsprekker krijt 3 minuten tiid.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 02/09/2026
De gemeente Ljouwert hie hjoed in moai parkearplak regele foar de demonstrearjende boeren. Wa wol no net syn trekker op it Saailân delsette?
030
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 02/09/2026
Sieta van Keimpema fan de DDB sketst in swart scenario foar de agraryske sektor. Boeren sille har fergunning kwytreitsje, bedarje by de bank by bysûnder behear en sille fallyt gean. De boer moat dan yn de auto sliepe, as er dy al hâlde mei.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 02/09/2026
It belied fan minister Van Essen fan lânbou is basearre op driuwsân. Dat is it boadskip foar de demonstrearjende boeren foar it Ljouwerter Provinsjehûs. In pear hûndert boeren binne op de manifestaasje ôfkaam. Op de Twibaksmerk steane sa’n 20 trekkers, mear mei net fan de gemeente.
001
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 01/09/2026
Foar demonstrearjende boeren dy’t moarn de geit ferstekke wolle stiet der no al in húske foar it Provinsjehûs op de Ljouwerter Twibaksmerk.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 31/08/2026
Mei sa’n 6.000 nije ynskriuwingen liket it oantal studinten fan hegeskoalle NHL Stenden op peil te bliuwen. Foarsitter Marc Otto fan it kolleezje fan bestjoer is net ûntefreden seit er by de iepening fan it stúdzjejier. Minister Letschert soe ek komme, mar hat ôfsein fanwege Haachske ferplichtings.
020
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 29/08/2026
Sophia Smith Galer fynt it in ramp dat de helte fan de talen op de wrâld noch dizze iuw driicht te ferdwinen en skreau der in boek oer. Dizze wike seach se by Omrop Fryslân om har ynformearje te litten oer it Frysk, as ‘fergetten achterneef’ fan it Ingelsk. www.omropfryslan.nl/fy/nijs/1873...
omropfryslan.nl
Taal-influencer Sophia Smith Galer wol har hûnderttûzenen folgers ynformearje oer it Frysk
Smith Galer hat ferstân fan bedrige talen, want se reizge trije jier lang de wrâld oer om ferhalen te sammeljen oer bedrige en ferdwinende talen.
051
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 26/08/2026
De provinsje Fryslân fynt dat de lânbouparagraaf fan de stikstofbrief fan it Ryk de prullebak yn kin, skriuwt fakblêd Nieuwe Oogst. Caroline van der Plas is wiis mei it artikel en reagearret mei de wurden ‘Goed zo, Abel’. www.nieuweoogst.nl/nieuws/2026/...
nieuweoogst.nl
Friesland kan en wil nieuwe stikstofmaatregelen niet uitvoeren
Update - Het Friese provinciebestuur vindt dat de landbouwparagrafen in de stikstofbrief van landbouwminister Jaimi van Essen de prullenbak in kunnen. ‘Ze zijn in onze provincie niet uit te voeren’, z...
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 25/08/2026
Wethâlder Zahraa al Daraaj fan Smellingerlân wol ‘lessen lûke’ út it fallisemint fan taksyferfierder Kort. Se neamt it in ‘emosjoneel dossier’. It kolleezje hat neffens har nei ear en gewisse hannele en ‘keihurd wurke’ om foar it nije skoaljier in nije ferfierder te finen.
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 25/08/2026
CDA-riedslid Jacobi fynt dat b. en w. fan Smellingerlân ‘adekwaat’ hannele ha yn de kwestje fan it fallite taksybedriuw Kort. Dat komt him op ynterrupsjes te stean fan De Vries fan de ELP en Molhoek fan de VVD. Op de tribune folgje sa’n 80 minsken dit politike teater yn De Lawei.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 25/08/2026
It fallisemint fan taksybedriuw Kort út Drachten hie net nedich west, seit riedslid Yntze de Vries fan de ELP. Hy fynt it mar nuver dat de nije ferfierder wol in hegere fergoeding krijt, wylst dat earder net koe. It debat giet neffens him oer de betrouberheid fan de gemeente Smellingerlân.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 25/08/2026
Dat wmo-ferfier samar ophâldt mei net barre, seit FNP-riedslid Theun Wiersma op de ekstra riedsgearkomste yn Drachten oer it fallisemint fan ferfierder Kort. “In moai bedriuw is stikken makke.” Hy fynt ek dat de ried fan Smellingerlân fierstente let oer de problemen ynformearre is.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 25/08/2026
Nij lêsfoer oftewol food 4 thought!
120
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 21/08/2026
Seis provinsjes sille gearwurkje om de transport-corridor noardeast op de Europeeske kaart te setten. Ek de provinsje Utrecht stipet it inisjatyf. Der binne oant no ta allinnich Europeeske korridors yn it suden en it easten fan Nederlân. De Port of Zwolle wie hjoed ek by de ûndertekening.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 19/08/2026
Achtkarspelen krijt fan 2029 ôf Frysktalige plaknammen www.omropfryslan.nl/fy/nijs/1871...
omropfryslan.nl
Achtkarspelen krijt fan 2029 ôf Frysktalige plaknammen
De partijen fine dat de Fryske taal, kultuer en identiteit in wichtich ûnderdiel binne fan it karakter fan Achtkarspelen. Dêrom wolle sy de Frysktalige plaknammen gemeentebreed ynfiere.
151
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 30/07/2026
De man fersmyt de beskuldiging dat er twa suskes seksueel misbrûkt hat doe’t se op de basisskoalle sieten. Beide suskes hawwe hjir oanjefte fan dien. “Kloppet hielendal neat fan”, seit de fertochte.
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 30/07/2026
By de plysje-ynfal siet de fertochte bleat achter de computer. De offisier fan justysje fynt dat fertocht. De fertochte hie it neffens eigen sizzen waarm. “It wie 28 graden yn ‘e hûs.”
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 30/07/2026
Njonken it besit fan berneporno wurdt de man ek misbrûk fan minderjierrige famkes út syn famylje ten leste lein. Yn syn ferklearring seit de man dat er dat net dien hat. De rjochtsaak ferrint yn it Frysk. Rjochtbanktolk Fedde Dykstra set alles simultaan oer.
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 30/07/2026
No foar de Ljouwerter rjochtbank: Man út Eastersee dielde in foto fan syn minderjierrige omkesizzer op bernepornosite Power of Love. De Australyske plysje warskôge de plysje yn Nederlan en dy die in ynfal.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 28/07/2026
De twakamp Kooistra-Walinga om it wraldkampioenskip oer alles - ek wol bekend as Frysk damjen - is los. De twa matsjedoaren út de greidhoeke spylje de earste fan alve partijen yn de steateseal. Tûzenen leafhawwers folgje de partij online.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 15/07/2026
Foardracht oer heksen en duvelsdrek yn beppe’s tiid by de Frjensjerter Akademy foldocht net oan de ferwachtings. Ferskate froulju yn it publyk hawwe safolle argewaasje fan de hakkeljende en saaie presintaasje dat se healweis útnaaie.
011
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 24/06/2026
Provinsjale Steaten nimme hjoed ôfskied fan de ‘freonlike reus’ Arie Aalberts, de fraksjefoarsitter fan it CDA. Hy jildt as in stabile pylder ûnder de sittende koälysje fan BBB, CDA, FNP en CU. In gentleman, neffens Brok, mei each foar it belang fan boerehiem en mienskip foar de takomst fan Fryslân.
020
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 22/06/2026
De Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins jout in negatyf reisadvys foar Ljouwert, omdat de haadstêd Frysksprekkende ynwenners útslút. “Mochten jo dêr dochs hinne reizgje moatte, soargje dan foar in persoanlike oersetter.” bernlef.frl/frl/nijs/
bernlef.frl
FFJ Bernlef
F.F.J. Bernlef
110
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 20/06/2026
In orizjinele ynfolling fan de dei fan de bou yn Ljouwert. It jubilearjende boubedriuw Friso biedt besikers in teatrale rûnlieding oan troch de skiednis en takomst fan it bedriuw yn in seistal sênes en dêr is wol belangstelling foar.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 17/06/2026
It debat yn Provinsjale Steaten giet hjoed oer de havenfyzje en de binnenfeart. Moatte de farwegen wol geskikt makke wurde foar ‘kolossale’ klasse-5 frachtskippen? Skippersdochter Dinie Visser wiist der op dat it grutste part fan de Fryske float goed op it Fryske binnenwetter past sa’t it no is.
020
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 15/06/2026
Besikers oan de Toogdag voor de Wadden krije by de yngong fan it teater fan Den Helder in petysje fan de jonge aksjegroep Wij zijn de Wadden. Sy binne tsjin de plannen om mooglik folle mear natuer ôf te sluten foar minsken.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 10/06/2026
Steatssiktaris Jo-Annes de Bat fan mynbou wie hjoed foar it earst fan syn libben yn de Fryske feangreide. Remco van Maurik fan it Wetterskip en Friso Douwstra fan de provinsje fregen him yn Ychten om gaswinning ûnder de feangreide op te kearen, mar dy tasizzing die de steatssiktaris net.
010
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 05/06/2026
It is ek Omroep Zeeland opfallen dat de Siuwske steatssiktaris Jo-Annes de Bat (CDA) de Twadde Keamer by it myboudebat net goed ynformearre oer de sâltwinning ûnder de Waadsee by Harns. De Bat komt nije wike nei Fryslân foar oerlis mei de Fryske mynboutafel.
omroepzeeland.nl
Staatssecretaris Jo-Annes de Bat publiekelijk gecorrigeerd door minister
De Bat informeerde de Tweede Kamer verkeerd over de zoutwinning onder de Waddenzee.
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 04/06/2026
Bysûnder momint yn de keamerkommisje natuer. Twadde Keamerlid Femke Wiersma (BBB) giet yn debat mei har opfolger minister Jaimy van Essen (D66) fan LVVN. Wiersma sit by it debat as plakferfanger fan Caroline van der Plas, dy’t fanwege persoanlike omstandichheden behindere is.
110
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 04/06/2026
No yn de Twadde Keamer: in technyske briefing oer heechwetterbeskerming en dyknormearring mei spesjaal omtinken foar Skiermûntseach. Der binne 5 keamerleden oanwêzich, wêrûnder Marieke Vellinga (D66) en Luciënne Boelsma (CDA).
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 03/06/2026
De Unescostatus fan it Waad komt net yn gefaar troch sâltwinning, seit steatssiktaris Jo-Anne de Bat fan Klimaat & Griene Groei. “De zoutwinning was er al toen het Wad die status kreeg.” De sâltwinning bart neffens De Bat neffens it ‘hân oan de kraan-prinsipe’. By skea wurdt it winnen stillein.
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 03/06/2026
De rinne op dit stuit fiif fergunningoanfragen yn de feangreide, fertelt steatssiktaris Jo-Anne de Bat by it mynboudebat. By de measte oanfragen kin wachte wurde op de ûndersiken fan Deltares en TNO nei de mooglike risiko’s.
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 03/06/2026
Mear sâltwinning ûnder it Waad by Harns troch Frisia fynt Sjoukje van Oosterhout fan PRO ûnakseptabel. “Dit minderheidskabinet doet hetzelfde als Trump: drill baby drill.” Sy fynt dat it kabinet harkje moat nei de Unesco-kommisje; gjin mynbou yn wrâlderfguod.
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 02/06/2026
De partij Samen Terschelling sil sa’t it no stiet as iennichste tsjin it havenfoarstel B2 fan it kolleezje stimme. Plan A - mei nije rjochte damwanden oan de Willem Barentszkade - is neffens him goedkeaper, better en flugger. Plan A hat ek mear draachflak by de Skylgers, seit er.
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 02/06/2026
Ynsprekker Richard Gorter neamt it havenfoarstel B2 ‘functioneel en financiëel een drama’. Plan A - mei rjochte damwanden - is neffens him superieur, goedkeaper en ek maritym folle better.
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 02/06/2026
Skylge is de iennichste gemeente fan Nederlân mei de kaart fan Nova Zembla yn de riedseal. De ried sil jûn prate en kedize oer de renovaasje fan haven en Willem Barentszkade. Gossen Bos fan Samen Terschelling makket beswier tsjin de proseduere. Hy wol earst in kommisjegearkomste mei ynspraak.
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 27/05/2026
Skylge moat nochris ta de bûse: de kosten foar de renovaasje fan haven en Willem Barentszkade rinne foar de gemeente op oant 23 miljoen. Der wurdt rekkene op in provinsjale bydrage fan 5 miljoen, it Ryk ferdûbelet de ynset fan de lokale oerheden.
omropfryslan.nl
Gemeente Skylge moat 8 miljoen euro ekstra útlûke foar fernijing fan de haven
It kolleezje fan B&W op Skylge wolle acht miljoen ekstra útlûke foar de renovaasje fan de haven en de Willem Barentszkade. Dy bydrage komt boppe-op de 15 miljoen euro dy't de gemeente earder al reserv...
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 27/05/2026
De maaiegearkomste fan Provinsjale Steaten is los. Mar it kolleezje fan DS is net folslein: Matthijs de Vries is yn Esbjerg foar de trilaterale Waadkonferinsje. Friso Douwstra is foar in gearkomste fan it Europeeske Komité fan de regio’s op Rhodos.
000
Onno Falkena @onno-pier.bsky.social · 25/05/2026
Ingwer Boysen út Risem-Lunham makke fan syn eigen húshalding en pleats in 'taalnêst', dêr't generaasjes studinten Noardfrysk it Frasch yn 'e praktyk leare koene. Hy spile ek toaniel yn it Noardfrysk. Boysen ferstoar earder dizze moanne yn 'e âldens fan 66 jier. Hy sil mist wurde.
fryskerie.frl
Ingwer Boysen ferstoarn
Noardfryske mienskipsman Ingwer Boysen (66) ferstoarn De tsjerke fan Lunham siet fol, doe’t op 19 maaie de Noardfryske boer, toanielspiler en bestjo
011