Sign in

Omrop Fryslân

@omropfryslan.nl
1.7K followers 83 following 11K posts

It lêste nijs út en oer Fryslân. Kom Fierder.

PostsRepliesMedia
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 02/10/2026
Ynbraak by túnferiening op De Gordyk, ûnder mear gersmeaners weinaam
omropfryslan.nl
Ynbraak by túnferiening op De Gordyk, ûnder mear gersmeaners weinaam
Yn july hie de feriening ek al te krijen mei fernielingen.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 02/10/2026
Koade giel fanwegen mist | Omwenners helpe frou en bern út pân fol mei reek yn Drachten
omropfryslan.nl
Koade giel fanwegen mist | Omwenners helpe frou en bern út pân fol mei reek yn Drachten
Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje. Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
010
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 30/09/2026
Noppert yn achtste finale útskeakele op World Grand Prix
omropfryslan.nl
Noppert yn achtste finale útskeakele op World Grand Prix
Noppert mocht yn Leicester de earste en de tredde set begjinne, mar beide kearen ferlear er syn eigen leg by 1-1. Joyce smiet it dêrnei út. De Ingelskman makket it ferskil foaral op de dûbelds: 9/13 om 3/10.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 30/09/2026
Minister wol nachtlik hurdfarren op Waadsee tydlik tastean
omropfryslan.nl
Minister wol nachtlik hurdfarren op Waadsee tydlik tastean
De minister wol it nachts hurder farren mei wetertaksy’s op de Waadsee tydlik gedoochje, mar wannear’t dat yngiet is noch net bekend.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 29/09/2026
Swier fjoerwurk yn kloft minsken smiten by Agraryske Dagen yn Frjentsjer
omropfryslan.nl
Swier fjoerwurk yn kloft minsken smiten by Agraryske Dagen yn Frjentsjer
Earder by it festival Hjoed yn it Park yn Frjentsjer hat in soartgelyk ynsidint west.
001
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 28/09/2026
Arends en Pel nei de finale yn Sina
omropfryslan.nl
Arends en Pel nei de finale yn Sina
Hjir fynst in oersjoch fan it Fryske sportnijs. Wolst in melding krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan dit bloch.
010
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 26/09/2026
Punt foar ONS Snits yn Doetinchem
omropfryslan.nl
Punt foar ONS Snits yn Doetinchem
ONS stiet nei fiif wedstriden mei sân punten yn it middenfjild fan de fjirde divyzje D.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 23/09/2026
Sechstich gadingmakkers foar trochstart Accell, net dúdlik oft alle merken bestean bliuwe
omropfryslan.nl
Sechstich gadingmakkers foar trochstart Accell, net dúdlik oft alle merken bestean bliuwe
Sechstich partijen hawwe ynteresse toand yn in trochstart fan de fallite fytsfabrikant Accell, bekend fan merken as Batavus, Sparta, Koga en Babboe.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 22/09/2026
Wenning sletten yn Ljouwert fanwegen fynst himpkwekerij
omropfryslan.nl
Wenning sletten yn Ljouwert fanwegen fynst himpkwekerij
Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje. Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 18/09/2026
Fytser omkaam nei oanriding mei trein, spoarferkear leit stil
omropfryslan.nl
Fytser omkaam nei oanriding mei trein, spoarferkear leit stil
It slachtoffer siet op de fyts en is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht.
001
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 16/09/2026
Plysje hâldt fertochten oan fan mishanneling yn Dronryp
omropfryslan.nl
Plysje hâldt fertochten oan fan mishanneling yn Dronryp
De fertochten binne mannen fan 23 en 26 jier út de gemeente Waadhoeke.
010
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 15/09/2026
Definitive straf foar moard út 1982 op Fryske sjoernalist Koos Koster
omropfryslan.nl
Definitive straf foar moard út 1982 op Fryske sjoernalist Koos Koster
Der is nei 44 jier in definitive straf foar de moardners fan sjoernalist Koos Koster út Sint Anne: tritich jier sel.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 14/09/2026
Ferfallen swimbad It Amelân giet foar takom simmer plat, neffens groep eilanners
omropfryslan.nl
Ferfallen swimbad It Amelân giet foar takom simmer plat, neffens groep eilanners
De groep bestiet benammen út ynwenners en ûndernimmers út Nes en Buren en in oantal fan de fêste wâl.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 14/09/2026
Steatsboskbehear wurket oan De Alde Bosk yn Wynjewâld
omropfryslan.nl
Steatsboskbehear wurket oan De Alde Bosk yn Wynjewâld
It wurk duorret nei alle gedachten seis oant acht wiken. Kuier- fyts- en ruterpaden kinne dan minder goed tagonklik of ôfsletten wêze.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 11/09/2026
Nochris ûndersyk nei fertochte fan moard of deaslach op eigen dochter (8) yn Kollum
omropfryslan.nl
Nochris ûndersyk nei fertochte fan moard of deaslach op eigen dochter (8) yn Kollum
De frou wurdt fertocht fan moard of deaslach op har 8-jierrige dochter tusken 2 en 3 jannewaris. Dêrneist wurdt sy fertocht fan mishanneling fan har 11-jierrige soan yn deselde perioade.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 10/09/2026
Plysje nimt 30 kilo yllegaal fjoerwurk yn beslach yn Camminghaburen
omropfryslan.nl
Plysje nimt 30 kilo yllegaal fjoerwurk yn beslach yn Camminghaburen
Dy wyk hat in protte lêst fan fjoerwurkoerlêst.
010
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 10/09/2026
Needgjalp fan koekjefabryk út Hallum: "It is fiif oer tolven"
omropfryslan.nl
Needgjalp fan koekjefabryk út Hallum: "It is fiif oer tolven"
Neffens direkteur en eigener Gerrit Hellema stiet net allinnich de ferduorsuming fan syn bedriuw op it spul, mar ek de takomst fan banen yn it doarp.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 09/09/2026
Plysje hâldt trije persoanen oan fanwegen geweldsynsidint op It Hearrenfean
omropfryslan.nl
Plysje hâldt trije persoanen oan fanwegen geweldsynsidint op It Hearrenfean
By it ynsidint rekke in 17-jierrige jongen swierferwûne.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 06/09/2026
SC Hearrenfean treft mei AZ de koprinner fan de Earedivyzje, folgje it hjir
omropfryslan.nl
SC Hearrenfean treft mei AZ de koprinner fan de Earedivyzje, folgje it hjir
Fia de radio fan Omrop Fryslân kinst ek harkje nei in ferslach fan de wedstriid sc Hearrenfean-AZ, mei kommentaar fan Arjen de Boer. Harkje kin online, mar ek fia 92.2 FM.
011
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 04/09/2026
Hearrenfeantrainer Veldman ûnder de yndruk fan AZ: "In mijn ogen titelkandidaat"
omropfryslan.nl
Hearrenfeantrainer Veldman ûnder de yndruk fan AZ: "In mijn ogen titelkandidaat"
Sportklup Hearrenfean stiet sneintemiddei foar in swiere útdaging. Yn it Abe Lenstra Stadion komt AZ op besite. Dy ploech hat neffens Hearrenfean trainer Robin Veldman oant no ta grutte yndruk makke.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 03/09/2026
Cambuur hiert twa spilers op lêste dei fan transferperioade: Ceka en Asselman nei Ljouwert
omropfryslan.nl
Cambuur hiert twa spilers op lêste dei fan transferperioade: Ceka en Asselman nei Ljouwert
Yn de lêste oeren fan de simmerske transferperioade hat SC Cambuur noch twa spilers oan de klup bûn. Wout Asselman (AA Gent) en Jason Ceka (Elversberg) wurde foar ien seizoen hierd.
001
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 19/08/2026
De 50e Frouljus PC yn Weidum
omropfryslan.nl
De 50e Frouljus PC yn Weidum
In Weidum wurdt de 50e Frouljus PC ferkeatst. Der steane tolve partoeren op de earste list.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 18/08/2026
Oplichters aktyf op Skylge
omropfryslan.nl
Oplichters aktyf op Skylge
De gemeente ropt op om net op it oanbod yn te gean en dus ek neat te beteljen.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 17/08/2026
Haulerwyk, Driezum, Easterwâlde: op alderhande plakken wurk oan de dyk
omropfryslan.nl
Haulerwyk, Driezum, Easterwâlde: op alderhande plakken wurk oan de dyk
Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje. Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 13/08/2026
Sân jier selstraf en tbs foar man út Eastersee foar misbrûk fan syn suskes
omropfryslan.nl
Sân jier selstraf en tbs foar man út Eastersee foar misbrûk fan syn suskes
De Ljouwerter rjochtbank hat in 38-jierrige man út Eastersee sân jier selstraf en tbs mei twangferpleging oplein foar misbrûk fan syn minderjierrige suskes en it yn it besit hawwen fan berneporno.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 10/08/2026
Plysje warskôget: nepaginten aktyf yn Dokkum
omropfryslan.nl
Plysje warskôget: nepaginten aktyf yn Dokkum
De plysje ropt minsken op wach te wêzen en 112 te beljen as sy benadere wurde.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 05/08/2026
Fytsefabrikant Accell fan It Hearrenfean freget útstel fan betelling oan
omropfryslan.nl
Fytsefabrikant Accell fan It Hearrenfean freget útstel fan betelling oan
De fabrikant, ûnder oaren bekend fan merken as Batavus, Sparta en Koga, hat it al langere tiid swier.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 05/08/2026
Alle jierren 1.000 oanridingen mei reeën yn Fryslân. Hoe kin dat dochs?
omropfryslan.nl
Alle jierren 1.000 oanridingen mei reeën yn Fryslân. Hoe kin dat dochs?
Troch de peartiid en de hege populaasje binne der op it stuit mear oanridingen mei reeën yn Fryslân. Sa is der op de N381 by Appelskea twa kear in ree oanriden ôfrûne wykein.
020
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 05/08/2026
Maas Willemsen is de nije oanfierder by sc Hearrenfean
omropfryslan.nl
Maas Willemsen is de nije oanfierder by sc Hearrenfean
Maas Willemsen wurdt de earste oanfierder fan sportklup Hearrenfean dit seizoen. Dat hat er te hearren krigen fan trainer Robin Veldman.
010
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 02/08/2026
Plysje nimt rydbewiis fan meardere bestjoerders yn by ferkearskontrôles
omropfryslan.nl
Plysje nimt rydbewiis fan meardere bestjoerders yn by ferkearskontrôles
Ien fan de bestjoerders, in 49-jierrige man út de gemeente Ljouwert, wie al faker steande holden fanwegen it riden ûnder ynfloed.
001
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 31/07/2026
Koade giel foar tongerbuien yn it noarden en op it Waad
omropfryslan.nl
Koade giel foar tongerbuien yn it noarden en op it Waad
De warskôging jildt ek foar Grinslân. Der kinne wynstjitten oant 65 km/oere (krêft 8) foarkomme, neffens it KNMI.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 29/07/2026
Grutte brân op it dak fan in wenning yn it sintrum fan Ljouwert
omropfryslan.nl
Grutte brân op it dak fan in wenning yn it sintrum fan Ljouwert
De brânwachten fan Ljouwert, Stiens, Burgum en It Hearrenfean binne oproppen foar it bestriden fan de brân.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 26/07/2026
Twa plysjeminsken ferwûne rekke by oanhâlding yn Starum
omropfryslan.nl
Twa plysjeminsken ferwûne rekke by oanhâlding yn Starum
Mei meardere plysjes moast de man ûnder kontrôle brocht wurde. Hy fersette him bot.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 22/07/2026
Omslach yn Wommels: nei jierren fan krimp no wer útwreiding fan de tribunes by de Freule
omropfryslan.nl
Omslach yn Wommels: nei jierren fan krimp no wer útwreiding fan de tribunes by de Freule
De útwreiding fan de kapasiteit is opmerklik, want jierrenlang wie der just sprake fan krimp.
010
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 21/07/2026
Hearrenfean ferhiert Eser Gürbüz: "Beste voor zijn ontwikkeling"
omropfryslan.nl
Hearrenfean ferhiert Eser Gürbüz: "Beste voor zijn ontwikkeling"
Neffens technysk direkteur Johan Hansma is it dêrom foar sawol Hearrenfean as foar Gürbüz it bêste dat er no ferhierd wurdt.
010
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 20/07/2026
Joris van Overeem ferruilet sc Hearrenfean foar FC Utrecht
omropfryslan.nl
Joris van Overeem ferruilet sc Hearrenfean foar FC Utrecht
Van Overeem waard dit seizoen noch útroppen ta spiler fan it jier troch de supporters.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 20/07/2026
Joris van Overeem ferruilet sc Hearrenfean foar FC Utrecht
omropfryslan.nl
Joris van Overeem ferruilet sc Hearrenfean foar FC Utrecht
Hjir fynst in oersjoch fan it Fryske sportnijs. Wolst in melding krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan dit bloch.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 17/07/2026
Dochs gjin offisjeel wrâldrekôr foar Joël de Jong: dopingkontrôle ûntbrekt
omropfryslan.nl
Dochs gjin offisjeel wrâldrekôr foar Joël de Jong: dopingkontrôle ûntbrekt
It wrâldrekôr dat para-atleet Joël de Jong ôfrûne snein delsette is ôfkard. Reden dêrfoar is dat der gjin dopingkontroleur oanwêzich wie.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 14/07/2026
Plysje hâldt scooterbestjoerder oan yn Eastermar nei achterfolging
omropfryslan.nl
Plysje hâldt scooterbestjoerder oan yn Eastermar nei achterfolging
In motorplysje woe de man op de scooter kontrolearje omdat dy te hurd riden hawwe soe. Nei it negearjen fan in stopteken waard in achterfolging ynset.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 13/07/2026
Boer Bart giet opnij yn beswier tsjin ôfwiisde fergunningsoanfraach
omropfryslan.nl
Boer Bart giet opnij yn beswier tsjin ôfwiisde fergunningsoanfraach
Fjouwer nije oanfragen foar in omjouwingsfergunning fan Bartele Holtrop fan Rotstergaast binne wegere troch de gemeente De Fryske Marren. Neffens de gemeente binne de plannen yn striid mei de hjoeddeistige wet- en regeljouwing.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 07/07/2026
Achtkarspelen wol mei buorgemeenten flechtlingen opfange om oan de wet te foldwaan
omropfryslan.nl
Achtkarspelen wol mei buorgemeenten flechtlingen opfange om oan de wet te foldwaan
Achtkarspelen is mei fiif omlizzende gemeenten yn petear om asylsikers op te fangen. Sa kin der foldien wurde oan de spreidingswet, oftewol in earlike en bettere ferdieling fan flechtelingen oer it lân.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 07/07/2026
Fjouwer jier sel easke foar twa sededelikten mei jonge famkes op It Amelân
omropfryslan.nl
Fjouwer jier sel easke foar twa sededelikten mei jonge famkes op It Amelân
De man soe op 12 augustus 2024 earst in famke fan 10 jier seksueel benadere ha. Neffens jusytsje hat er letter op dyselde dei in famke fan 7 jier ferkrêfte. Hy waard op 3 febrewaris 2025 oppakt. By it trochsykjen fan syn hûs fûn de plysje berneporno.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 04/07/2026
Boalsert wint Jong Famme Partij
omropfryslan.nl
Boalsert wint Jong Famme Partij
Yn de finale wienen Tessa Westra, Rixt Blanke en Noa Elzinga fierstente sterk foar it partoer fan Dronryp mei Iris Veltman, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi (5-1 6-6).
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 03/07/2026
Boer Hendrikus hat mooglik it aai fan Columbus fûn yn de striid tsjin stikstof
omropfryslan.nl
Boer Hendrikus hat mooglik it aai fan Columbus fûn yn de striid tsjin stikstof
Van de Lageweg docht mei sân oare boeren yn Súdeast-Fryslân mei oan in proef mei Kopros. Dat is in mikrobiologysk middel dat ien kear yn de fjouwer wiken oanbrocht wurdt op de stâlflier.
010
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 01/07/2026
Fryske boubedriuwen wolle meiprofitearje fan Dútske miljarden
omropfryslan.nl
Fryske boubedriuwen wolle meiprofitearje fan Dútske miljarden
Fryske boubedriuwen wolle meiprofiteare fan de grutskalige renovaasjeplannen yn it Dútske Noordrijn-Westfalen. Oranjewoud Export Academy hat subsidy krigen om bedriuwen te helpen dêr foet oan de grûn te krijen.
010
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 01/07/2026
Shorttracker Sven Roes jout teken fan libben, mar ûnwissens oer syn situaasje bliuwt
omropfryslan.nl
Shorttracker Sven Roes jout teken fan libben, mar ûnwissens oer syn situaasje bliuwt
Dúdlik is no dat Roes yndie yn it bûtenlân ferbliuwt. "Maar wij blijven met veel vragen achter", seit de famylje.
010
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 30/06/2026
Kian Visser jaget profdream nei en ferhuzet nei Finlân
omropfryslan.nl
Kian Visser jaget profdream nei en ferhuzet nei Finlân
Bysûnder is dat er dêr ploechgenoat wurdt fan in oare Ljouwerter: Timo Zaal. De 22-jierrige middenfjilder is sûnt de begjin fan dit jier in fêste basisspiler by de klup út de stêd Turku.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 29/06/2026
Noch hieltyd hinder op spoar tusken Ljouwert en Grins fanwegen stroomsteuring by Zuidhorn
omropfryslan.nl
Noch hieltyd hinder op spoar tusken Ljouwert en Grins fanwegen stroomsteuring by Zuidhorn
Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje. Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
000
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 27/06/2026
Marrit Steenbergen swimt wrâldrekôr op 100 meter frije slach
omropfryslan.nl
Marrit Steenbergen swimt wrâldrekôr op 100 meter frije slach
De swimster út Easterwâlde swom 51,68 en dûkte dêrmei trije hûndertsten fan in sekonde ûnder it âlde wrâldrekôr fan Sarah Sjöström (51,71).
040
Omrop Fryslân @omropfryslan.nl · 25/06/2026
Surhuzumer boer sleutelet oan it fretten fan syn kij: oplossing foar de stikstof?
omropfryslan.nl
Surhuzumer boer sleutelet oan it fretten fan syn kij: oplossing foar de stikstof?
Boeren moatte har stikstofútstjit nei ûnderen krije, mar meie aanst sels bepale hoe. Boer Henk van der Veen docht it troch te stjoeren op it fretten fan syn kij.
000