FNP Waadhoeke @fnpwaadhoeke.bsky.social · 25/02/2026Ús nûmer 6 op ‘e list: Doeke de Jong. 64 Jaar, troud, twee kines en onderhand ok pake. Al jaren drok met ’t soasjale leven in en om Bitgummole. 'Ik hecht groat belang an ’t hewwen en geven fan fertrouwen en dermet ok an ’t bouwen an selsfertrouwen foor elkeneen. En fooral: blyf dicht bij jesels. 061
FNP Waadhoeke @fnpwaadhoeke.bsky.social · 21/02/2026Hjoed, op de Dei fan de Memmetaal, fiere wy wat ús ferbynt: it Frysk, it Bildts, it Franekers en Nederlânsk. Taal is safolle mear as wurden allinne. It fertelt wa’t wy binne, wêr’t wy wei komme en wat ús byinoar bringt. As bern in taal net allinne leare, mar ek echt brûke, bliuwt dy taal libben. 031
FNP Waadhoeke @fnpwaadhoeke.bsky.social · 20/02/20268️⃣ Us nûmer 8 fan de list is Anja Postma. Anja is hikke en tein yn Achlum dêr't se wennet mei har man en twa dochters.🌿 As kommunikaasje-adviseur by de Friese Miljeu Federaasje set se har yn foar in sûne, leefbere omjouwing – no én foar de generaasjes nei ús. 💚 020
FNP Waadhoeke @fnpwaadhoeke.bsky.social · 18/02/2026Dieke (28) út Frjentsjer is ien fan ús kandidaten foar de ferkiezingen. Se set har yn foar in grienere, sûne leefomjouwing foar minske én natuer en stekt graach de hannen út de mouwen yn ’e mienskip. Mei enerzjy, praktyske oanpak en leafde foar it bûtenlibben wol se bydrage oan in bettere takomst. 💚 020
FNP Waadhoeke @fnpwaadhoeke.bsky.social · 16/02/2026Us kandidaat: Japke van Groning (46) út Frjentsjer. Yn har wurk sjocht se eltse dei hoe wichtich fakminsken en ûndernimmers binne — sy meitsje Waadhoeke. De FNP komt foar harren op, en dêrom set Japke har dêrfoar yn. Grutsk dat se op ús list stiet. Japke, ús nûmer 10! 021
FNP Waadhoeke @fnpwaadhoeke.bsky.social · 13/02/2026Op 18 maart stimme jo oer konkrete karren: wenjen yn jo doarp, soarch tichtby en in sterke mienskip. FNP Waadhoeke kiest foar fertrouwen yn minsken. De kommende wiken komme wy nei jo ta mei ús caravan — foar kofje, dúmkes en in goed petear. Kom lâns of folgje ús op socials ! 031
FNP Waadhoeke @fnpwaadhoeke.bsky.social · 06/02/2026Priuwe fan it poadium Oerwin dyn poadiumbangens en lit sjen én hearre watsto kinst! Yn teater De Koornbeurs krijst de kâns om it poadium te belibjen en dyn talint sjen te litten. Sneon 28 febrewaris | 10.00 – 12.00 oere Oanmelde: fnpwaadhoeke@gmail.com De FNP stiet pal foar ús kultuer en ús teater 010
FNP Waadhoeke @fnpwaadhoeke.bsky.social · 05/02/2026It regearakkoart fan D66, CDA en VVD makket de besteanswissichheid lytser. Koartere WW, strangere WIA en letter AOW reitsje foaral minsken mei swier wurk. Minder fangnet betsjut mear soargen en druk op ús mienskip. De FNP stiet foar echte besteanswissichheid yn Waadhoeke www.fnp.frl/waadhoeke/pr...fnp.frlProgram - WaadhoekeFNP Waadhoeke ferkiezingsprogramma 2026 010
FNP Waadhoeke @fnpwaadhoeke.bsky.social · 03/02/2026Frijwilligers ûnder druk yn Waadhoeke. Maatskiplike ûntjouwings meitsje it dreech om sport en ferieningslibben yn stân te hâlden. De FNP fynt dat de gemeente tûke oplossingen moatte biede. 💡 Wolst witte hoe’t wy ús doarpen libbendich hâlde wolle? Sjoch fnp.frl/waadhoeke/program-2 👀fnp.frlFNP | ThúsDe FNP is in brede folkspartij foar de regio sûnt 1962. En makket diel út fan it Fryske bestjoer yn de provinsje en lokaal. 011
FNP Waadhoeke @fnpwaadhoeke.bsky.social · 14/02/2025Goed nijs foar Waadhoeke: ús moasje foar pré-mantelsoarchwenningen is unanym oannommen! Mear mooglikheden foar famyljes om tichter by-inoar te wenjen. In grutte stap foar mantelsoarch en wenjen yn eigen omjouwing! Inisjatyf fan FNP Waadhoeke, Gemeentebelangen en SAM #Waadhoeke #FNP #Mantelsoarch 010
FNP Waadhoeke @fnpwaadhoeke.bsky.social · 12/02/2025FNP Waadhoeke is nij op Bluesky en siket ferbining mei minsken dy't har ynsette foar inoar, foar Waadhoeke, foar Fryslân. Folgje ús en ús berjochten en wy binne nijsgjirrich nei dy / jo en dyn / jo berjochten. #FNP #Waadhoeke #Fryslân #Friesland 020